Sitting moard Sineeske hierbaas útsteld; fertochte hat mooglik corona

De ynhâldlike behanneling fan de rjochtsaak oer de moard op de Sineeske hierbaas Rong Kun Liu fan Ljouwert dy't foar tongersdei pland stie, is útsteld. De fertochte hat lêst fan corona-eftige klachten. "De verdachte kan er op medische gronden niet bij zijn," seit de rjochtbank.
© Srfotografie
Op tiisdei 16 july 2019 waard yn in wenning oan de prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert it stoflik omskot oantroffen fan de 73-jierrige Rong Kun Liu. Dêrnei waard der in wiidweidich forinsysk ûndersyk opsetten. De plysje gie al gau út fan in misdriuw.
Op 31 july fan dat jier waard in doe 25-jierrige man fan Ljouwert oanhâlden as fertochte. Yn it ûndersyk waard fêststeld dat de fertochte en it slachtoffer inoar koene. De fertochte hierde in keamer by Rong Kun Liu.
Der is noch gjin nije datum pland foar it ferfolch fan de rjochtsaak.