Frou komt om by slim bedriuwsûngelok Harns

By in bedriuwsûngelok yn Harns is in frou om it libben kaam. It ûngelok barde tiisdei oan de ein fan de middei op it terrein fan Wester Beton. Dat befêstiget de ynspeksje SZW (Sociale Zaken en Werkgelegenheid).
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ynspeksje docht ûndersyk nei it ûngelok, wêrby't de frou beknypt rekke ûnder in betonplaat. De helptsjinsten wiene rap teplak, mar it slachtoffer ferstoar oan har ferwûningen. In wurdfierder fan de ynspeksje koe net sizze hoe lang oft it duorret foar't dúdlik is hoe't it ûngelok krekt barre koe.