Fryske Mozilla siket frijwilligers foar ynsprekken Fryske sinnen

Troch middel fan it ynsprekken fan Fryske sinnen in kompjûter leare hoe't Frysk klinkt: dat is koartsein de bedoeling fan it projekt Fryske Mozilla. Dêrby moatte tsientûzenen Fryske sinnen ynsprutsen wurde om sa in stimme-biblioteek op te bouwen. Uteinlik moat dat liede ta Fryske spraaktapassing by bygelyks telefoans en kompjûters.
Yn de Fryske database fan Mozilla Voice stiet noch mar fiif oeren materiaal © Omrop Fryslân
It idee komt fan Wim Benes, frijwilliger by webbrowser Mozilla. "We sykje in hiel soad ferskate Friezen mei ferskate aksinten dy't de sinnen ynsprekke. Sa kin de kompjûter leare hoe't wurden ferskillend útsprutsen wurde en se dochs herkenne. De sintsjes binne opsteld troch de Fryske Akademy."
De bedoeling is úteinlik dat it mooglik wurdt om kompjûters en apparaten kommando's yn it Frysk te jaan. "Der binne al 20.000 sinnen ynsprutsen, en der ha al mear as 200 minsken mei dwaande west, mar der kinne noch altyd mear by." Fan de nedige 300 oeren is no 28 oeren oan ynsprutsen materiaal beskikber.
Meidwaan kin op de webside voice.mozilla.frl.
Oan it projekt dogge mei: Afûk, Fryske Akademy, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân, Fers, NHL Stenden.
Wim Benes oer projekt Mozilla