VV Bûtenpost yn thriller nei penaltys ûnderút yn KNVB Beker-kwalifikaasje

VV Bûtenpost is der net yn slagge him te pleatsen foar it haadtoernoai fan de KNVB Beker. VV Capelle wie nei penaltys te sterk foar de Fryske haadklasser. Nei de ferlinging stie der 1-1 op it skoareboerd.
Trainer Jasper Bouma oer de útskeakeling:
VV Bûtenpost-trainer Jasper Bouma
De kânsen wiene yn de earste helte foar de thúsploech, mar it wie Capelle dat krekt foar it skoft op foarsprong kaam. Julian Agatowski makke it doelpunt foar de besikers út Capelle aan den IJssel. Yn de twadde helte wie it oarsom en koe Bûtenpost op likense hichte komme. Rik Weening koe binnentikke op oanjaan fan Rolf Dijk.
© www.orange-pictures.nl
De grutste kâns yn de ferlinging wie foar Capelle. Sy seagen in skot op de ûnderkant fan de latte komme, mar de doelman koe krekt foarkomme dat de bal úteinlik oer de doelline gie. Ek Weening wie noch tichteby in doelpunt, mar de keeper fan Capelle koe syn hurde skot keare.
Ta goals kamen beide ploegen lykwols net en dus kaam it oan op in penalty-shootout.
Rik Weening oer de útskeakeling:
Rik Weening VV Bûtenpost
Yn de strafskoppesearje gie it lykop oant 4-4. Wat opskuor tusken beide ploegen fersteurde de shoot-out foar twa minuten, mar dat brocht beide ploegen net fan it stik: 5-5. De sechde penalty foar de Friezen wie lykwols net raak, wêrnei't VV Capelle wol skoarde: 5-6.
VV Capelle nimt it yn de earste ronde fan de KNVB Beker op tsjin AFC út Amsterdam. Dy wedstriid wurdt spile yn de lêste wike fan oktober.