Soan aksjefierder tsjin mûlkapkes op Linde College nimt ôfstân fan aksjes heit

De soan fan de man dy't moandei oanhâlden waard nei't er aksjefierde tsjin it mûlkapke-advys op it Linde College yn Wolvegea nimt ôfstân fan de aksjes fan syn heit. "Zijn kant is gehoord, nu is het mijn beurt", skriuwt de jonge op Instagram.
De aksjefierder wurdt oppakt © ProNews
De man wekt mei syn protest tsjin it dragen fan de mûlkapkes op de skoalle it idee dat er ek hannelet yn it belang fan syn minderjierrige soan, dy't ek nei it Linde College giet. De heit skreau yn in ferklearring oan de skoalle dat er de mûlkapkes bernemishanneling fynt: "Ik verbied u mijn zoon een mondkapjesplicht op te leggen."
Syn soan seit mei klam dat it ûnderwerp fan bernemishanneling nea ter sprake kaam is: "Ik sta helemaal niet achter wat hij allemaal zegt. Hij zit bij 'Viruswaarheid'. Hij weet hoe ik er over denk. Vertel de waarheid, hij verzwijgt dat."

Gjin kontakt mei heit

Hy heakket deroan ta dat hy syn heit al sân wiken net mear sjoen of sprutsen hat. Hy wennet by syn mem omdat hy hielendal net by syn heit wenje kin. Dy soe de hiele dei achter syn laptop sitte. "Is verwaarlozing van je kinderen ook geen kindermishandeling?", skriuwt er. Hy seit him brûkt te fielen troch syn heit.
Op de aksjedei fan syn heit bleau de soan fuort fan skoalle. Hy fiert no aksje tsjin syn heit ûnder #HoudJeMondMartin. Hy ropt eltsenien op syn stânpunt en berjocht te dielen.

Jild ynsammelje

De heit waard moandei arrestearre by syn protest, om't er wegere syn demonstraasje te hâlden op it plak dat de boargemaster dêrfoar oanwiisd hie. Hy besleat seis oeren nei syn arrestaasje lykwols wer werom te gean nei de yngong fan it Linde College. Dêr fersoarge er op de iepenbiere dyk in live-útstjoering fia Facebook. De plysje wie der rap by en frege de man fuort te gean. Dêr joech er gehoar oan.
De man sammelet yntusken jild yn om syn striid ferfolgje te kinnen.