Haven Harns oantreklik foar organisearre kriminaliteit troch tekoart oan tafersjoch

De havens yn it Noarden fan Nederlân, wêrûnder ek dy fan Harns, binne oantreklik foar de organisearre kriminaliteit. Dat komt ûnder oare trochdat der mar beheind tafersjoch is en de havens grutdiels iepenbier binne. Dat blykt út ûndersyk fan Pro Facto, yn opdracht fan it Onderzoeksprogramma Politie en Wetenschap.
Haven Harns oantreklik foar organisearre kriminaliteit troch tekoart oan tafersjoch
Echte konkrete ynformaasje hat de plysje net oer organisearre kriminaliteit yn de havens fan Harns, Lauwerseach, Delfzijl en Eemshaven, mar der binne wol fermoedens dat der sprake fan is. "Niemand weet eigenlijk wat er zich afspeelt in de havens. Er worden niet zo veel controles gehouden en er is niet zo veel toezicht", leit direkteur Niko Struiksma fan Pro Facto út. "Wat ook bijzonder is, is dat de havens, voornamelijk die van Harlingen, erg toegankelijk zijn. Je kunt er dag en nacht in."
"Er zijn geen concrete bewijzen, maar vrijwel iedereen is het er over eens dat het niet anders kan dat er zich iets afspeelt. Als je niet zoekt, vind je ook niks", seit Struiksma. Dêrby kin it neffens him gean om de oanfier fan drugs op skippen. Underlinge gearwurking en ynformaasje-útwikseling tusken de hanthavingsorganisaasjes yn de Noardlike havens steane noch yn 'e berneskuon.

Gjin goed byld fan de omfang

Pro Facto hat 57 petearen fierd binnen de plysje, mei oare hanthaveningsorganisaasjes en mei ûndernimmers yn de havens. Dêr docht út bliken dat de plysje gjin strukturearre en ûnderboud byld hat fan de aard en de omfang fan de organisearre kriminaliteit yn de havens.
Der binne wol ûndernimmers yn de havens mei ynformaasje, blykt út it ûndersyk, mar sy witte net altyd wêr't se dy melde kinne. Somtiden twivelje se der ek oer oft it wol sin hat om in melding te dwaan.
Direkteur Niko Struiksma fan Pro Facto
De haven fan Harns © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
Ek al binne der gjin konkrete bewizen fan organisearre kriminaliteit yn de havens, liket it wol oannimlik dat der kriminaliteit is, seit Pro Facto. De prioriteit fan de hanthaveningsorganisaajes foar tafersjoch yn de havens is leech. Der is in fisieuze sirkel: salang't der gjin ynsicht is yn de kriminaliteit yn de havens, bliuwt de prioriteit leech. Salang't de prioriteit leech is, wurdt der nei alle gedachten net genôch dien om ynsicht te krijen.
Op basis fan it rapport stelt Joop de Schepper (Hoofd Operatiën, ienheid Noard-Nederlân) dat der mei-inoar in soad wurk te dwaan is. "De aanpak van georganiseerde, ondermijnende criminaliteit is een prioriteit en daarom is het goed dat er onderzoek is verricht naar onze informatiepositie in relatie tot de aanwezigheid van georganiseerde, ondermijnende criminaliteit in de Noordelijke zeehavens."

Gearwurking

Neffens de plysje is it no oan oerheidstsijnsten, bestjoerlike ynstânsjes en it bedriuwslibben om yn te gripen. "Het versterken van onze informatiepositie is een gezamenlijke taak", seit De Schepper. Dêrby moat der gearwurke wurde tusken de dûane, de maresjaussee, it Iepenbier Ministearje, de Landelijke Eenheid, basisteams, de Belestingtsjinst, gemeenten, de havenmaster en bedriuwen lykas rederijen, fiskers en brânsjorganisaasjes.
"Er zijn meerdere instanties die los van elkaar vaak signalen oppikken die zouden kunnen wijzen op ondermijning. De kunst is om die signalen bij elkaar te brengen", seit offisier fan justysje Pieter van Rest. "Het rapport maakt duidelijk waar we extra stappen kunnen zetten."
It is no wichtich dat der ynvestearre wurdt yn dy gearwurking. De Schepper: "Iedereen heeft stukjes informatie, en die moeten we samenvoegen om onze informatiepositie te verbeteren en om gerichtere gezamenlijke acties te kunnen ondernemen. We moeten de Noordelijke havens samen veilig en gezond houden."
Joop de Schepper fan de plysje
Offisier fan justysje Pieter van Rest