Kultuersintrum De Wâldsang yn Bûtenpost hat noed oer stopsetten subsydzje

De gemeenten Achtkarspelen en Dantumadiel moatte net ophâlde mei de subsydzje foar it muzykûnderwiis. Dat skriuwt kultuersintrum De Wâldsang yn Bûtenpost. Dat fersoarget al tsientallen jierren muzykles, ek op skoalle.
Trompet © Shutterstock.com
Achtkarspelen en Dantumadiel jouwe no noch subsydzje foar it learen bespyljen fan in ynstrumint. B&W yn beide gemeenten wolle dêrmei ophâlde. B&W fan Achtkarspelen wolle ek ophâlde mei de subsydzje foar muzykles op skoalle. Neffens de Wâldsang is dat in minne saak. Muzyk meitsjen is fan grut belang foar it wolwêzen fan minsken, seit it kultuersintrum om't it bern foarmet. De Wâldsang ropt de rieden fan beide gemeenten op om net op te hâlden mei de subsydzje.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferbjustere

De meiwurkers fan it kultuersintrum binne ferbjustere oer de swiere besunigingsplannen fan de twa gemeenten. It sintrum krijt subsydzje fan yn totaal fjouwer gemeenten. Troch it stopsetten fan Dantumadiel en Achtkarspelen komt it ûnderwiis op de skoallen en yn it sintrum faai te stean.
Neffens dosint en koördinator Andries Renema kaam de grutste besuniging fan de gemeente Achtkarspelen as in folsleine ferrassing. "Een week voor dit bericht hebben we nog een overleg gehad met alle vier gemeenten, daarin was geen sprake van een bezuiniging, laat staan een totale stopzetting van Achtkarspelen. Dantumadiel had ons wel op de hoogte gesteld."

Tredde part

It giet om in tredde part fan it budzjet fan in lytse miljoen wat fuortfalle soe. "En het werkt door, want overheadkosten blijven er wel." Dan soenen de oare gemeenten mear betelje moatte. "Wij zijn een keiharde bezuiniging, ze zijn niet wettelijk verplicht om een muziekschool te onderhouden."
Yn Achtkarspelen soe betelber ûnderwiis en les op skoallen fuortfalle. It giet om 12 skoallen yn dy gemeente. It lesjild foar de learlingen soenen dan ferdûbele wurde.
De Wâldsang wurket al 50 jier yn de regio en hat sa'n 40 meiwurkers dy't allegearre zzp'er binne en wykliks oan hûnderten bern lesjouwe. Se binne in petysje start.
Andries Renema