Pakesizzer yngenieur Wouda: "Het was vroeger gewoon opa z'n gemaal"

Goed hûndert jier lyn kaam yngenieur Dirk Frederik Wouda mei it ûntwerp foar it Woudagemaal op De Lemmer. Yn dy tiid in bysûnder en ynventyf projekt. Op woandsdei 7 oktober 2020 fiert it histoaryske gebou it 100-jierrich bestean. Omrop Fryslân hie dêrom in petear mei pakesizzer Paul Wouda.
Woudagemaal 100 jier âld
Op sa'n njoggen oeren riden fan it Woudagemaal yn Vaduz (Lychtenstein) wennet tsjinwurdich in pakesizzer fan Dirk Frederik Wouda. Paul Wouda wit noch hoe beskieden syn pake wie. "Hij was ontzettend cool. Hij drong zich nooit op de voorgrond."

"Gewoon opa z'n gemaal"

Doe't it gebou wrâlderfgoed waard, krige de pakesizzer pas yn de gaten hoe bysûnder it gemaal eins is. "Dat was vroeger gewoon opa z'n gemaal. Dat had hij goed gedaan, maar verder niet. Dat besef kwam pas veel later."
Yr. D.F. Woudagemaal © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Hûndert jier lyn binne njonken it Yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer noch ferskate stoomgemalen op oare plakken boud, mar dy binne allegear net mear yn gebrûk. It Woudagemaal wol en wurdt ynset by stoarmen of flinke reinbuien, as de modernere gemalen it net allinnich oankinne.
Harkje nei gemaalsjef Yldau de Boer
Yldau de Boer is gemaalsjef en seit dat it gemaal de lêste tiid hieltyd mear nedich is. "Wy draaie de lêste jierren hieltyd mear en dat sil ek wol sa bliuwe. Troch klimaatferoaringen binne der faker dikke buien. Dat wetter moat sa rap as mooglik ôffierd wurde."

Stiet it gebou der noch hieltyd oer 100 jier?

"Dêr geane wy wol fan út. It is grif net in gebou dat ôfskreaun is', seit de Boer. "Der leit in opdracht om te sykjen nei in brânstof dy't fossylfrij is. Wy binne oan it ûndersykjen wat de mooglikheden binne. Dan kinst bygelyks tinke oan wetterstof of blauwe diesel."
Woansdei 7 oktober is it eksakt 100 jier lyn dat it Woudagemaal op De Lemmer iepene waard. Dat wurdt feestlik fierd, ûnder oare mei it slaan fan in nije munt, it 'Woudagemaal vijfje'.
De betinkingsmunt © Koninklijke Nederlandse Munt