Mear as 650 kilometer Frysk wetter himmele mei Skjin Wetter-aksje

By de grutte himmelaksje Skjin Wetter is mear as 650 kilometer oan Frysk wetter himmele troch frijwilligers. Dat is tusken 26 septimber en 3 oktober dien yn seis Fryske gemeenten.
© Friese Milieu Federatie
It giet om in aksje fan de Friese Milieu Federatie by grêften, kanalen, sleatten, marren en wâlskanten. Doel fan de aksje is om minsken mear bewust te meitsjen fan de fersmoarging fan ôffal yn it wetter. De gemeenten dy't meidiene wiene Dantumadiel, De Fryske Marren, Harns, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Waadoeke.

"Trije kear de Alvestêderûte"

Simon Bijlsma fan de Friese Milieu Federatie is optein mei it resultaat: "It is goed trije kear de lingte fan de Alvestêderûte, dus dat is in hiel stik. It wie allinne mooglik mei dy goed 1.000 frijwilligers dy't meidien hawwe en in stik wetter frijmakke hawwe fan swalkôffal. Wy dogge it ien kear yn it jier, mar wy hawwe al faak heard dat minsken it sa wichtich fine dat sy it eins wol faker dwaan wolle."

Plastic soup

Syn eigen ûnderfining wie dat der in soad blikjes fûn binne. "Myn earste sneon wie yn Harns, dêr lei in soad plestik en ek blikjes. Ofrûne sneon wie ik yn De Westereen, dêr wiene it benammen blikjes. Je sjogge wol ferskil yn plakken. Der wiene suppers dy't in natuergebiet troch west hawwe, mar net iens in hiel soad fûn hawwe. Mar by it parkearplak by it swimplak fan De Westereen lei it fol," seit Bijlsma.
Neffens him wurdt der noch fierstente folle weismiten. "It giet ek wol faak netsjes hear, mar op oare plakken tilt it noch op fan it ôffal. Tal fan minsken beseffe harren net dat it swalkôffal in bydrage docht oan de 'plastic soup.' Wat wy hjir op strjitte smite, komt úteinlik yn it grutte wetter telâne."
Simon Bijlsma fan de Friese Milieu Federatie