Kollum: "Underbroekelol"

"Tritichtûzen euro foar de outfit fan Max Verstappen. Fjirtichtûzen euro foar in hierlok fan Justin Bieber. Of sechtichtûzen euro foar in briefke mei in kriebeltsje fan Steve Jobs. It binne samar wat absurde bedraggen dy't fans deltelle foar guod fan harren idoal. Mar it kin noch gekker.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Elkenien hopet fansels dat er yn in McDonald's sit dêr't tafallich krekt Brad Pitt lânskomt en syn hamburgerdoaske stean lit. Of datst by de benzinepomp each yn each stiest mei Taylor Swift, dy't har plastic mofkes nei it tanken op de grûn smyt. Sa'n hamburgerdoaske en dy mofkes binne nammentlik grof jild wurdich. Mar de kâns dat soks bart, is fansels nihil. Mei oare wurden: wy ha neat fan wearde yn hûs om foar grof jild te ferkeapjen.
Mar dêr fersinde ik my yn, ûntduts ik ferline wike. Der skynt nammentlik in hanneltsje te wêzen yn - let op - brûkte frouljusûnderbroeken. Der binne mannen dy't wyld wurde fan it rûken oan brûkte strings, hipsters en boxers. Dizze aparte snuvers skine der dik jild foar del te tellen. It iennige datst hoechst te dwaan is alle dagen in skjinne ûnderbroek oan en de âlden noait waskje. En sjoch hjir dyn goudmyntsje!
Fansels, der wurde gjin tûzenen euro's betelle foar sa'n ûnderbroek, mar kinst dochs al gau twintich oant tritich pyk freegje foar in brûkte string. No wie ekonomy net myn bêste fak, mar ik ha der ris oer neitocht. Ast by de Zeeman of de Bentex net al te gek djoere ûnderbroeken keapest, dan moat soks dochs al gau 15 euro deis opsmite. Kear sân dagen yn 'e wike is in bedrach fan goed hûndert euro. Dat tikket lekker oan.
Mar no komt it: hast ek te krijen mei de wet fan fraach en oanbod. As de fraach grut is en it oanbod lyts, dan gean de prizen omheech. Is it krekt oarsom, dan kinst dyn produkt oan de strjitstiennen net kwyt. Mei oare wurden: ik moat net samar ynienen mei sân ûnderbroeken wyks de merk op. It moat in soarte fan unyk produkt bliuwe.
Dat betsjut dat it gjin Hema of Bentex broekje wêze mei. It moat lúkser. Sa'n satinen swarte string mei kanten rântsjes en fan dy glimmende diamantsjes. Dat kostet yn de oanskaf mear as in Zeeman-broekje. By Christine Le Duc is in saneamde 'open kruis string' al gau 15 euro. Dus dêrom ha ik in nije wiskundige formule betocht.
Dy formule is as folget: a kwadraat - b kwadraat = c kwadraat. En dan stiet de a foar aparte snuver, de b foar broekje en de c foar cash. It bedrach dat dy aparte snuver foar myn ûnderbroek dellizze wol, min de kosten fan it broekje is myn winst. It liket my genôch om by de Kamer van Koophandel oan te klopjen.
Krekt as in echte start-up moat ik no earst ynvestearje. Der moat allerearst nije seksy linzjery komme. Want dy útlubbere, ferkleure en ferwosken broekjes dy't ik no om 'e kont ha, dy kin 'k fansels net opstjoere. Alhoewol: dat soe wol echt ûnderbroekelol wêze."