Fryske amateurklups streame wedstriden no't publyk net wolkom is

Ferskate Fryske amateurklups livestreamden dit wykein harren eigen fuotbalwedstriid. No't der troch de nije coronamaatregels gjin taskôgers by de wedstriid oanwêzich wêze meie, is dit ien fan de oplossingen. Sa waard de wedstriid Black Boys 1 - VV Wergea 1 (1-1) sneintemiddei livestreamd yn kafee 's Lands Welvaren yn Wergea.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
It wie dêrmei net de earste amateurfuotbalwedstriid dy't live fan ôfstân te sjen wie. Der kamen sa'n tweintich supporters nei it kafee yn it sintrum fan it doarp. Eigener Hylke Tholen wie bliid mei de opkomst. "We hawwe eartiids allegearre sels fuotballe, Wergea is in echt fuotbaldoarp. De supporters koene net hinne en wy sels ek net. We hawwe dochs in kafee, dus wêrom soargje wy der net foar dat it dêr te sjen is?"

"It giet om mear as it fuotbaljen"

De wedstriid wie neffens Tholen net altyd like goed, mar dêr giet it yn it kafee ek net om. "It giet ek om ferhalen dy't der hjir ferteld wurde. Minsken moatte dochs wat nei de kroech takommen bliuwe, want as se wiken net komme, binne sy it paad ek bjuster. It giet om mear as it fuotbaljen allinnich, de wike trochprate op 'e sneintemiddei, dêr giet it ek om."

"Dit moat miskien net de standert wurde"

Fuotbalheit Hendrik Fridsma is bliid mei it plakje yn it kafee. "De etikette hjirre is wol wat better as by it fuotbalfjild. Hjir krije jo ris in bierke, je hoege gjin jas oan en gjin sjaal om. Bûten is it rûzich waar mar dêr hawwe jo hjir gjin lêst fan. Dit moat miskien net de standert wurde, mar it hat wol wat." Fridsma tinkt net dat de fuotbalfjilden foar taskôgers wer gua iepen dien wurde. "Ik tink dat it noch wol efkes duorret, dat is wol spitich, mar dizze oplossing mei de livestream binne je der dochs in bytsje by. Ik ferwachtsje net dat wy ynkoarten wer op it sportfjild komme, nee."

Punt foar beide ploegen

De wedstriid gie op en del, de earste helte hie VV Wergea in pear grutte mooglikheden. Ien fan de mooglikheden waard ek fersulvere. De rêststân wie 0-1. De twadde helte sette Black Boys út Snits wat mear oan, keeper Edgar van IJs pakte in pear op it each lykjende ûnmooglike ballen. Dochs koene de Snitsers in punt yn eigen stêd hâlde. Nei 94 minuten wie de einstân 1-1.
Ferslachjouwer Ben de Jager seach mei by de wedstriid