Automobilist ferliest macht oer stjoer yn Surhústerfean
Op de Vierhuisterweg yn Surhústerfean is sneontejûn in auto fan de dyk rekke. De wein rekke in beam en kaam op 'e side ta stilstân. De bestjoerder koe op eigen krêft út syn auto komme. Hy is neisjoen troch ambulânsemeiwurkers, mar hoegde net nei it sikehûs.