FIDEO: Monumint foar stilberne berntsjes ûntbleate yn Aldegea (Sm.)

Stilberne bern ha tenei in monumint yn Aldegea (Smellingerlân) krigen. Sûnt ferline jier kinne âlden fan in 'stilgeboren kind' it berntsje registrearje litte en dêrmei wurdt it berntsje hjoed-de-dei ek hieltyd mear erkend.
Monumint foar stilberne berntsjes ûntbleate yn Aldegea (Sm.)
By de Protestantske Stichting Sint-Agathatsjerke yn Aldegea fûnen se it tiid wurden om stil te stean by de berntsjes dy't stil op 'e wrâld brocht binne. De famylje Van Hall út it doarp kaam by de gemeente mei it idee foar de stien. Dy stien is sneon ûntbleate.