Longôfdieling Ljouwerter sikehûs MCL op slot nei corona by personiel

It sikehûs MCL yn Ljouwert pleatst syn longôfdieling ien oant twa wiken yn karantêne om't meardere meiwurkers besmet binne mei it coronafirus. Oant no ta binne der gjin pasjinten posityf test op it firus.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Kappers Media
"De laatste stand van zaken is dat vier medewerkers positief zijn getest op het coronavirus", seit Frits Mostert, wurdfierder fan it MCL. De meiwurkers en harren neisten sitte thús yn karantêne. Alle pasjinten op de ôfdieling binne test, mar dêr kamen gjin nije positive tests út. Dochs is ferpleechôfdieling K, ûnderdiel fan Longgenêskunde, út foarsoarch yn karantêne pleatst. Alle pasjinten en meiwurkers fan de ôfdieling binne dêroer ynformearre.

Undersyk

Hoe't it firus de ôfdieling binnenkaam is, is noch net dúdlik. It sikehûs fiert tegearre mei de GGD boarne- en kontaktûndersyk út. "We proberen nu de bron te achterhalen, maar daar is op dit moment nog geen uitslag van bekend." Op de ferpleechôfdieling wurde ekstra hygiënemaatregels naam en der wurdt hast gjinien talitten op de ôfdieling. "De bezoekregeling is sterk verminderd. Dit is een afdeling waar je het virus zeker niet wil hebben. Het is een ontzettend vervelende situatie", seit Mostert.

Oerpleatsing

Der wurde net op grutte skaal ôfspraken ôfsein, neffens Mostert. Nije longpasjinten dy't opnaam wurde moatte, krije in oar plakje yn it sikehûs: "Als dat niet lukt, hebben we met collega-ziekenhuizen in de regio afspraken gemaakt om die patiënten naar een ander ziekenhuis te verplaatsen. Daarin hebben we gelukkig een goede samenwerking en overlegstructuur."
De ôfdieling soe oer ien of twa wiken wer fan it slot kinne. Dat kin lykwols pas as alle meiwurkers en pasjinten meardere kearen negatyf test binne.
Frits Mostert oer de besmettings