Skilder, byldhouwer en ûntwerper Beb Mulder (81) ferstoarn

Byldhouwer, grafysk ûntwerper en skilder Beb Mulder is ôfrûne woansdei op 81-jierrige leeftyd ferstoarn. Hy wie jierrenlang belutsen by it iepenloftspul fan Jorwert as dekôrbouwer. Syn grutste wurk stiet yn Bears; it stielen wurk 'Luchtspiegeling' út 1998 is in replika fan de Uniastate dy't dêr earder stie.
© Omrop Fryslân
Beb Mulder waard berne yn Huzum (Ljouwert) op 18 febrewaris 1939. Hy learde tekenjen op de legere skoalle fan byldhouwer M.B. Hoffer, en besocht de ôfdieling skilderjen oan de ambachtsskoalle en wurke mei ûnder oaren Jan Stroosma en Auke de Vries op de dekoraasje-ôfdieling fan V&D.
Letter waard er selsstannich etaleur/dekorateur en gie er yn de jûnsoeren nei de Academie Vredeman de Vries. Hy wie ek dosint op de Academie Voor Expressie en Communicatie.
© Omrop Fryslân
Mulder hat jierrenlang in galery yn Ljouwert hân. Syn wurk is ekspressionistysk-abstrakt. Hy makke ek tal fan dekôrs, ûnder oare foar it iepenloftspul fan Jorwert.
"Syn libben wie kleurryk en altyd posityf", stiet der yn de rou-advertinsje. Der is yn besletten rûnte ôfskied naam fan Mulder.
Portret fan dekôrbouwer Beb Mulder út 1998.
De dokumintêre 'Simmer yn Jorwert' sjocht achter de skermen by de tariedingen, repetysjes en úteinlik de útfiering fan it iepenloftspul fan Jorwert, yn de notaristún. Midsimmernacht's dream wurdt spile. Ek dekôrûntwerper Beb Mulder komt hjir yn foar.