Fiif jier nei flechtlingekrisis: "Wy hienen gjin idee wat der op ús ta kaam"

Mear as 43.000 flechtlingen fregen yn 2015 asyl oan yn Nederlân. Foar flechtlingen, mar ek foar organisaasjes en frijwilligers wie it in heftige perioade. Omrop Fryslân sjocht de kommende wiken werom. Hoe giet it no mei de flechtlingen? En hoe soe it COA de situaasje no oanpakke? Willem Boorsma en Jan Swart fan it Reade Krús nimme ús mei nei de Waddenhal yn Harns. It plak dêr't de earste flechtlingen oankamen.
Fiif jier nei needopfang foar flechtlingen
"It wie in hektyske perioade", fertelt Boorsma. Hy wie yn 2015 krekt distriktsbestjoerder fan it Reade Krús yn Fryslân. Om't de sintrale opfang fan it COA net genôch wie, waard in berop dien op gemeenten om foar tydlike opfang te soargjen. In grut tal gemeenten joech har meiwurking troch sporthallen beskikber te stellen en sa te foarsjen yn in needopfang- of krisisneedopfanglokaasje.

"De wanhoop strielde de eagen út"

De rol fan it Reade Krús wie grut. Frijwilligers makken de sporthallen klear, wiene dei en nacht yn de opfanglokaasjes en hiene EHBO-posten. Boorsma wie doe al 46 jier aktyf by it Reade Krús, mar fûn it allegear wol spannend. "Wy hienen gjin idee fan wat der op ús ôf komme soe."
Op 24 septimber 2015 is it safier. De earste flechtlingen komme oan yn Harns by de Waddenhal. Boorsma wie der by. "De wanhoop strielde de eagen út. Op dat momint wiene se al oeral mei hinne naam. Harns wie it safolste plak dêr't sy kamen. Do koest sjen dat se net lekker yn harren fel sieten."
Ast dan dy lytse berntsjes sjochst, dy't dêr mei mem oan it hantsje rinne. Dan giet by my de grize oer de grouwe.
Jan Swart, frijwilliger Reade Krús
Oan de frijwilligers wie no ek de taak om de flechtlingen op te fangen. Ien fan de frijwilligers is Jan Swart. Hy kaam op sawat alle lokaasjes yn aksje. "Ik fielde my roppen om wat te dwaan", seit er. "Eltsenien is lyk foar my. Sokke minsken komme hjir net samar. En ast dan dy lytse berntsjes sjochst dy't dêr mei mem oan it hantsje rinne. Dan giet by my de grize oer de grouwe."

Harns yn aksje

Al gau nei't de asylsikers in plak krigen hawwe yn de Waddenhal begjinne ynwenners fan Harns yn aksje te kommen foar de flechtlingen. Der wurdt bygelyks klean en boartersguod sammele. "Dat fûn ik ien fan de moaiste mominten", seit Swart. "Der waard safolle brocht troch de Friezen. Yn Harns waard it sammele by de brânwachtkazerne."
De kristlike muzykferiening Hosanna brocht ek ferdivedaasje. Op inisjatyf fan ien fan de leden giene de leden fan it korps mei harren trommels en oare ynstruminten nei de hal, om foar wat ôflieding foar de flechtlingen te soargjen. Al gau rûnen bern, mar ek folwoeksenen, mei flaggen mei yn it korps. De feriening hie ekstra trommels meinaam dêr't de flechtlingen ek op spylje koene.
It Reade Krús werom yn de Waddenhal © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Swier foar frijwilligers

Foar frijwilligers begûn de opfang nei in skoft swier te wurden, seit Boorsma. "Wy krigen minsken dêr't wy net mei prate koene. Guon wiene swier traumatisearre." Zwart seach dit ek: "Op de measte plakken mei needopfang seach ik traumatisearre minsken út ferskate plakken. Dat botste ek wolris in kear. Yn Grou hienen wy bygelyks dat ien foarpikte mei it iten. Dat waard slaanderij. Dan moasten se ek fuort."
Jo kinne mei hannen en fuoten in hiel ein komme.
Jan Swart, frijwilliger Reade Krús
Al gau die it bliken dat de flechtlingestream net gau ophâlde soe, mar dêr wie it Reade Krús eins net klear foar. Boorsma: "Wy wiene klear om by te springen as der in ramp barde. Mar de opfang fan asylsikers, dat duorre folle langer as dêr't wy op taret wiene. Op in gegeven momint hiene wy op trije lokaasjes frijwilligers stean, 24 oeren deis."
De kommunikaasje gie ek net altyd like maklik. Dochs wie der neffens Zwart ek wol romte foar wille. "Jo kinne mei hannen en fuotten in hiel ein komme. Yn Kollum wie ik, doe wie der ien jierdei. Ik learde harren om 'gefeliciteerd' nei te sizzen. Ik haw in hiel soad wille hân mei dy minsken."
Jan Swart (L) en Willem Boorsma (R) fan it Reade Krús © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Fiif jier letter is de flechtlingekrisis noch hieltyd geande, mei as djiptepunt de brân yn it flechtelingekamp op Lesbos. Mei triennen yn de eagen sjocht Swart hjirnei. It Reade krús nimt dêroer gjin stelling, mar Swart fynt der persoanlik wol wat fan. "Eltsenien hat likefolle rjochten. Sokke minsken moatte flechtsje en dy komme dêr oan. Mar dy wurde dêr hast as bisten yn in tinte treaun."
Mar ien ding wit Swart wol: "Ik wurd no wat âlder. Mar mocht der ea wer soksawat komme en ik bin der noch, dan bin ik fan de partij."
Takom wike sneon it ferhaal fan Masho. Hy flechte doe't hy noch mar 18 jier wie, út syn heitelân Eritreä. Mei tûzenen oare flechtlingen reizige hy fan lân nei lân om úteinlik de oerstek te meitsjen oer de Middellânske See. It hat twa jier duorre foardat hy yn Nederlân oankaam yn it AZC yn Drachten. Hy wie hielendal allinnich, sûnder freonen of famylje, want dy moast er harren efter litte.