FIDEO: It Polytburo mei de opmerklike oerstap fan Irene van Breemen

Foar it earst yn de skiednis fan de FNP krijt de partij yn de gemeenteried fan Ljouwert trije sitten. It is te tankjen oan de opmerklike oerstap fan de nûmmer twa fan 50PLUS yn de stêd, Irene van Breemen-Schneider. Se wie freedtejûn te gast yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.
It Polytburo
Sy koe foar dy partij it plakje oernimme fan de ferhúzjende fraksjefoarsitter, mar keas foar de FNP. Van Breemen, mei har 61 jier in letbloeier yn de polityk, fynt net dat se beskuldige wurde kin fan 'zetelroof'.
Juridysk sjoen hat se dêr gelyk yn, sa sizze bestjoerskundigen. Van Breemen-Schneider wol har foaral ynsette foar âlderein en foar de bestriding fan earmoed.