Foarsitter Wiebe Wieling hâldt op by hynstestamboek om 'ferskil fan ynsjoch'

Wiebe Wieling leit mei direkte yngong syn funksje del as foarsitter fan de KFPS, it Frysk Hynstestamboek. Dat hat de feriening freedtemoarn bekend makke. Reden dêrfoar is in 'ferskil fan ynsjoch' binnen it bestjoer oer it te folgjen belied binnen de feriening.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
It bestjoer fan de KFPS seit it beslút fan Wieling te respektearjen. It foarsitterskip wurdt tydlik oerdroegen oan Geralt Pots, dy't no vice-foarsitter is fan de KFPS.
Wieling wie noch gjin jier foarsitter. Hy folge doe Bert Wassenaar op. Wieling is fierder bestjoerder fan ûnderwiisgroep Piter Jelles en foarsitter fan De Friesche Elfsteden.