By bedriuwen dy't NOW-stipe ûntfongen ferdwûnen tusken febrewaris en juny 181.000 banen. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) hat útsocht dat troch de oerheid stipe bedriuwen dochs massaal personiel op strjitte sette, hoewol't betingst foar it ferkrijen fan de stipe wie dat der gjin wurknimmers dien krije soene.
Dat der dochs banen ferlern giene, kin ûnder mear komme trochdat tydlike kontrakten net ferlinge wurde. Ek wurde arbeidsrelaasjes dêr't gjin oeren yn wurke wurde net registrearre as baan, neffens it CBS. It baneferlies wie it grutst yn de bedriuwstûke ferhier en oare saaklike tsjinstferliening, folge troch de hoareka en kultuer, sport en rekreaasje. Yn dy lêste sektoaren gie it om 10 persint krimp.
It CBS melde yn augustus al dat de negative gefolgen fan de coronakrisis op de arbeidsmerk pynlik sichtber waarden. Yn it twadde kwartaal giene der yn totaal 322.000 banen ferlern. No't it CBS ek ûnderskied meitsje kin yn bedriuwen dy't wol en net NOW-stipe krigen, komme mear ûntwikkelings foar it ljocht. Sa groeide it tal banen by bedriuwen dy't gjin NOW-stipe krigen tusken febrewaris en juny licht.
De Tijdelijke noodmaatregel overbrugging werkgelegenheid (NOW) wie bedoeld foar bedriuwen dy't yn de perioade maart oant en mei july foar trije moannen terige in omsetferlies ferwachten fan minimaal 20 persint. Tanksij dizze stipe koene sy it lean fan wurknimmers trochbetelje by fermindere ynkomsten. De ûndernimmers krige maksimaal 90 persint fan de leansom. Letter kamen der ek in NOW 2- en NOW 3-regeling, mar dêr sitte wer oare betingsten oan ferbûn.