Liveblog | 2 oktober 2020

Coronanijs fan 2 oktober: Ofrûne 24 oeren 99 nije besmettings, heechste oant no ta

Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân.
Bywurke: 3 oktober 2020, 08:05
freed 2 oktober 2020
22:36

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan freed 2 oktober. Sneon is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
20:32

Boargemaster Ineke van Gent van Skiermûntseach wol net allinne kop, mar ek kap derfoar:

19:08

Rommere regels by tsjerken

Tsjerken moatte wer mei strangere coronamaatregels rekken hâlde, mar dochs lykje tsjerken der noch aardich fan ôf te kommen. Dêr't yn oare gebouwen maksimaal 30 minsken byinoar komme meie, is dat yn tsjerken noch 100.
Klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum snapt wol dat der oaren mei jaloerskens nei sjogge, mar seit ek mei klam dat der foarsichtich dien wurdt. "Ik kan me best voorstellen dat andere organisaties er met jaloezie naar kijken. Ik kan alleen zeggen dat wij er blij mee zijn en dat we zorgvuldig blijven doen. Wij halen ook geen mensen bij elkaar als het niet verantwoord is. We hebben immers ook veel oudere kwetsbare mensen. Maar de kritiek van bijvoorbeeld theaters en bioscopen kan ik me voorstellen, want daar zullen ze het ongetwijfeld ook goed geregeld hebben."
De PKN-tsjerke fan Sleat oan de Heerenwal © Omrop Fryslân, Sian Wierda
18:37

Coronabesmettingen op Bennema State en Abbingahiem

Op twa lokaasjes fan soarchsintrum Noorderbreedte binne nije coronabesmettingen fêststeld. It giet om trije meiwurkers en seis bewenners fan Bennema State yn Hurdegaryp en ien meiwurker en ien bewenner fan Abbingahiem yn Ljouwert.
Bennema State yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
18:36

De Koornbeurs wiis mei corona-frijstelling

By teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer binne se der mar wat wiis mei dat se in frijstelling krigen hawwe. Lykas in tal oare kulturele ynstellingen hoege se gjin rekken te hâlden mei in maksimum fan 30 persoanen de romte. Direkteur Titia Huisman is der wiis mei. "It wie hartstikke spannend, wy woene wol iepen bliuwe. Ek al soe it mar foar 30 persoanen wêze, dan soene we ús programma oars ynrjochtsje. Dan soene we mar wat fersinne moatte om iepen te bliuwen en dochs it kontakt te hâlden mei it publyk. Mar ik bin der wiis mei dat de programmearring sa't it der no stiet wol trochgean kin."
18:35

Rede fan Fryslân is digitaal fanwegen corona

De Rede fan Fryslân is dit jier online, dat makke de provinsje Fryslân bekend. Minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit sprekt op 8 oktober de Friezen ta fia in fideoferbining. De Rede fan Fryslân is ek by Omrop Fryslân op telefyzje en online te folgjen fan 15.30 oere ôf.
Schouten sil oer in wike yn Den Haag de Rede útsprekke. Yn it Westcord WTC-Hotel yn Ljouwert is in lytse, coronaproof gearkomste. Dêr is allinne in beheind tal minsken by dat nûge is.
Minister Carola Schouten © ANP
17:00

Sa rint it tal coronabesmettingen yn Fryslân op

© Omrop Fryslân
16:53

Sliterij sjocht mear losse ferkeap fan drank

Troch de coronakrisis drinke minsken yn trochsneed wat mear en dêrby moat de hoareka ek nochris om 22.00 oere ticht. De fraach is oft it ek sa is dat der yn winkels dan mear los ferkocht wurdt. Neffens Jelle Zijlstra fan Drankenspeciaalzaak Jelle oan de Foarstreek yn Ljouwert is it dit jier drokker as ferline jier. Hy skat sels dat it wol oprint oant sa'n 20 persint mear. Zijlstra tinkt lykwols net dat minsken mear drinke as oars, sa fertelt er:
Ferslachjouwer Wytse Vellinga yn in sliterij
16:30

Mûlkapkes ferplicht yn gemeentegebouwen Ljouwert

16:17

Mûlkapkes advisearre yn Opsterlân

15:36

Boargemaster Veenstra oer mûlkapkes yn de supermerk

Boargemaster Fred Veenstra skriuwt yn syn weblog dat hy hopet en eins ek ferwachtet dat de ynwenners fan syn gemeente it driuwende advys fan it kabinet opfolgje om mûlkapkes op te dwaan yn de winkel. Mar net eltsenien wie dêr al mei dwaande, sa murk hy.
Veenstra skriuwt: "Ik deed donderdagmiddag een paar boodschappen in een lokale supermarkt. Met een mondkapje. Ik wist niet of ik nu het goede voorbeeld gaf of voor schut liep. Want zo te zien was ik de enige in de winkel die een mondkapje droeg. We zullen het er maar op houden dat iedereen nog aan het idee moet wennen of dat de mondkapjes inmiddels uitverkocht zijn."
14:45

Oerlis op It Hearrenfean mei hoareka-ûndernimmers

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan gemeente Hearrenfean hat oerlein mei hoareka-ûndernimmers en de lokale ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland oer de nije needferoardening. "Ondernemers worden opnieuw zwaar getroffen, maar zien het maatschappelijk belang," sa lit de boargemaster witte.
14:15

Nij rekôr Fryske coronabesmettings

De ôfrûne 24 oeren binne 99 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. Dat is in nij deirekôr foar Fryslân. It âlde rekôr wie fan woansdei, doe wiene it der 94.

Nije besmettingen de gemeente fan freed 2 oktober

Gemeente Besmettingen
Achtkarspelen 3
It Amelân 2
Dantumadiel 4
Eaststellingwerf 1
Flylân 1
De Fryske Marren 6
Harns 2
Hearrenfean 8
Ljouwert 30
Noardeast-Fryslân 5
Opsterlân 2
Skiermûntseach 0
Skylge 0
Smellingerlân 5
Súdwest-Fryslân 11
Tytsjerksteradiel 8
Waadhoeke 8
Weststellingwerf 3
14:12

Mûlkapke ferplicht yn Antonius-sikehûs

Fan kommende moande ôf ferplichtet it Antonius-sikehûs yn Snits syn pasjinten en besikers om in mûlkapke te dragen. Foar meiwurkers fan it sikehûus en fan Thuiszorg Zuidwest-Friesland is dat belied hjoed al yngien.
Antonius Zorggroep docht dit nei't de oerheid tiisdei in driuwend advys ôfjoech oer it dragen fan mûlkapkes yn de publike romte.
13:11

Wedstriden skrast

Ek Willemsoord - CVVO (tredde klasse A), DWP - Warkum (tredde klasse A), Dolsterhuzen - Creil/Bant (fjirde klasse A) en Stadspark - FVC (earste klasse F sneins) geane net troch.
13:03

Wer ferdûbeling oantal besmettings

Foar de tredde wike op rige is yn Fryslân it oantal oantoande coronabesmettings dat der wykliks by komt mear as ferdûbbele. Yn de ôfrûne wike testen 513 Friezen posityf op it firus, tsjinoer 209 de wike dêrfoar. Dat is in nij rekôr en mear as in tredde part fan it totaal oantal besmettingen yn Fryslân sûnt de útbraak fan it coronafirus yn maart. GGD Fryslân skaalt dêrom fan moandei ôf it oantal coronatests wer op.
De gemeente Ljouwert telde 231 gefallen. Lês hjir de folsleine update fan GGD Fryslân oer it coronafirus yn Fryslân.
13:02

Smookbelied 'absurd'

"Salang't it regear noch sa'n soad fertsjinnet oan it smoken, sil it nea sa strang yngripe as by corona." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk. Earder neamde sikehûsdirekteur René Medema it Nederlânske smookbelied 'absurd', as je dat ferlykje mei de corona-oanpak.
11:48

Foarsitter Veiligheidsberaad nimt tydlik ôfstân fan syn wurk

Boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen en foarsitter fan it Veiligheidsberaad giet trije wiken mei fakânsje. Boargemaster Henri Lenferink fan Leiden nimt syn taken wier by de gearkomste mei de boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's.
Moandeitejûn komt dat beried wer gear. De boargemasters beprate dan de aktuele coronasifers en de strangere maatregels, lykas de mûlkapkes dy't resint yngien binne. Minister Ferd Grapperhaus (Feiligens) skoot by de gearkomste oan.
Sûnt it útbrekken fan it coronafirus komt it beried regelmjittich gear. No't it oantal besmettings oprint, is dat wer wykliks.
11:16

Ynspeksje: tafersjoch op coronatests moat oanskerpe

It tafersjoch op de feiligens fan coronatests moat opfierd wurde. Dat konkludearret de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd. Neffens de tafersjochhâlder falt de keten fan testôfnimmers en laboratoaria ûnder "verschillende vormen van toezicht". Laboratoaria fine dat der gatten falle en dat it net altyd dúdlik is hoe't it tafersjoch regele is, seit de ynspeksje. Dy wol foar de ein fan it jier it tafersjoch ferbetterje.
Nederlân kampt sûnt koart mei in tekoart oan testkapasiteit. It is net mooglik om tests ôf te nimmen by eltsenien dy't him teste litte wol. Neffens de ynspeksje kin "een sterkere regie" de tekoarten ferlytsje, sadat der mear romte is om minsken te testen. Nije manieren om te testen kinne dêrby helpe, mar dy moatte wol soarchfâldich talitten wurde.
11:02

Mûlkapkes by Patyna

Meiwurkers, frijwilligers en besikers fan Patyna moatte tenei in mûlkapke op. Dat hat de soarchorganisaasje freed bekend makke. It mûlkapke moat op wannear't der kontakt binnen oardel meter is, en is ferplicht foar besikers yn iepenbiere romten. Earder joegen soarchgroepen Liante en Noorderbreedte ek al oan mei mûlkapkes wurkjen te gean.
10:58

Wedstriid Broekster Boys skrast

10:23

ANBO: âldereinoerke yn supermerk is stigmatisearjend en ûnnedich

It klinkt miskien sympatyk wat it kabinet wol: eltse supermerk dy't ferplicht twa fêste oeren deis ynstelle moat foar âldere en kwetsbere minsken. Mar yn de praktyk sil dat hielendal net wurkje, seit âldereinbûn ANBO.
Boppedat is it 'stigmatisearjend en ûnnedich'. "Ouderen zijn gewone mensen en moeten dus op elk moment boodschappen kunnen doen." Al yn de earste coronaweach stelden supermerken harren doarren tusken 7.00 en 8.00 oere iepen allinnich foar âlderein. Dat wurke net, want âldere minsken krije faak moarns thússoarch, stelt de ANBO âchterôf fêst.

Gasthear/-frou

Opnij spesjale âldereintiden liket de ANBO net handich. Oare minsken hawwe dus pech en "dat lijkt me niet bevorderlijk voor de saamhorigheid tussen mensen".
De ANBO freget him ek ôf wa't bepaalt hokker âldere dan nei binnen ta mei en oft klanten har identifisearje moatte of in ferklearring fan de húsdokter meinimme moatte dat se kwetsber binne. It âldereinbûn sjocht mear yn it ynsetten fan in gasthear of -frou, dy't wiist op de oardel meter ôfstân en helpt by it skjinmeitsjen fan de winkelweintsjes.
10:06

Mear coronapasjinten op Fryske IC's

Der lizze op it stuit fiif coronapasjinten op de IC's yn de Fryske sikehûzen. Dat wiene der ôfrûne woansdei noch trije.
Bûten de IC's lizze der yn de Fryske sikehûzen 12 coronapasjinten. Dat binne der fiif minder as ôfrûne woansdei, doe leine der 17 minsken mei it coronafirus yn in net-IC-bêd.
09:04

Coronastipe fan bankesektor rint op ta hast 26 miljard

De coronastipe fan banken bliuwt yn omfang tanimmen. Nederlânske banken hawwe sûnt de útbraak fan it coronafirus yn maart al in lytse 26 miljard euro oan stipe ferliend. It gie dêrby om help yn de foarm fan ekstra lienings of útstel fan ôflossings. Dêr makken goed 163.000 ûndernimmers en 34.000 partikulieren gebrûk fan, meldt de Nederlandse Vereniging van Banken (NVB) yn har moanlikse update.
By de foarige peiling gie it noch om in totaalbedrach fan hast 24 miljard euro. Yntusken bliuwt de kredytferliening nettsjinsteande de ympakt fan de coronakrisis stadichoan groeien, merke de banken. De totale hoemannichte útsteand kredyt is yn de coronakrisis oant no ta hast op peil bleaun yn ferliking mei foarich jier.
08:44

181.000 banen ferdwûn by bedriuwen dy't coronastipe krigen

By bedriuwen dy't NOW-stipe ûntfongen ferdwûnen tusken febrewaris en juny 181.000 banen. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) hat útsocht dat troch de oerheid stipe bedriuwen dochs massaal personiel op strjitte sette, hoewol't betingst foar it ferkrijen fan de stipe wie dat der gjin wurknimmers dien krije soene.
Dat der dochs banen ferlern giene, kin ûnder mear komme trochdat tydlike kontrakten net ferlinge wurde. Ek wurde arbeidsrelaasjes dêr't gjin oeren yn wurke wurde net registrearre as baan, neffens it CBS. It baneferlies wie it grutst yn de bedriuwstûke ferhier en oare saaklike tsjinstferliening, folge troch de hoareka en kultuer, sport en rekreaasje. Yn dy lêste sektoaren gie it om 10 persint krimp.

Underskied

It CBS melde yn augustus al dat de negative gefolgen fan de coronakrisis op de arbeidsmerk pynlik sichtber waarden. Yn it twadde kwartaal giene der yn totaal 322.000 banen ferlern. No't it CBS ek ûnderskied meitsje kin yn bedriuwen dy't wol en net NOW-stipe krigen, komme mear ûntwikkelings foar it ljocht. Sa groeide it tal banen by bedriuwen dy't gjin NOW-stipe krigen tusken febrewaris en juny licht.
De Tijdelijke noodmaatregel overbrugging werkgelegenheid (NOW) wie bedoeld foar bedriuwen dy't yn de perioade maart oant en mei july foar trije moannen terige in omsetferlies ferwachten fan minimaal 20 persint. Tanksij dizze stipe koene sy it lean fan wurknimmers trochbetelje by fermindere ynkomsten. De ûndernimmers krige maksimaal 90 persint fan de leansom. Letter kamen der ek in NOW 2- en NOW 3-regeling, mar dêr sitte wer oare betingsten oan ferbûn.
08:43

Slauerhofflêzing: Verandert Corona de wereld definitief?

"Het wordt tijd voor een neoliberale schuldbekentenis." Dat stelde kultuerhistoarikus dr. Thomas von der Dunk tongersdei yn syn Slauerhofflêzing. It falt Von der Dunk benammen op dat it coronabelied fan it kabinet ynkonsistint is. Verandert Corona de wereld definitief?. Dat wie it biedwurd fan de lêzing. Nei in wiidweidige skets blykt Von der Dunk pessimistysk.
08:41

Sportferienings ferlotsje camper

Kuorbalferiening Drachten en Drachtster Boys hawwe yn gearwurking mei de organisaasje Verloting in lotterij opset mei grutte prizen: in camper en 25.000 euro bûsjild. De sportferienings hawwe it dreech no't ynkomsten fan de kantine fuortfalle en ek de sponsoring werom rint.
Mei de opbringst wolle de sportklups harren akkommodaasje ferduorsumje. Dêrneist giet der jild nei it Odensehûs Dirk Baron.
08:38

Minste coronastipe yn Fryslân

Fan alle Nederlânske provinsjes hawwe bedriuwen yn Fryslân oant no ta de minste oerheidsstipe nedich hân fanwegen de coronakrisis. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) hat ûndersocht hoefolle persint fan de bedriuwen stipe oanfrege hat.
'Mar' 38 persint fan de bedriuwen yn ús provinsje hat jild oanfrege om de leanen betelje bliuwe te kinnen. Mei dizze stipe kinne wurkjouwers by wa't de omset werom rint troch de coronakrisis harren kas oanfolje. Op dy wize kin personiel dat troch de maatregels thús sit trochbetelle wurde.
08:30

Wolkom by dit liveblog

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan freed 2 oktober. Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rest fan it lân. Hjir kinst it liveblog fan tongersdei 1 oktober weromfine.