Keningsdjip is op 'e nij ynrjochte foar Natuurnetwerk Nederland

Sleatten binne ûndjipper makke, in boskrâne is weromset en der binne ynsektfreonlike strûken pleatst. In diel fan it natuergebiet by Keningsdjip, tusken De Himrik en Beetststersweach, is op 'e nij ynrjochte. Der wurkje in soad partijen mei oan dit projekt, neist de provinsje ek It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Natuurmonumenten, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân en omwenners.
Keningsdjip © Google Street View
Deputearre Douwe Hoogland sil tegearre mei de foarsitter fan de gebietskommisje Tineke Jagersma it gebiet fan sa'n 39 bunder grûn tongersdei wer oerdrage oan de eigeners: Steatsboskbehear en trije partikulieren.

Natuurnetwerk foar 2027

"It giet om de ynrjochting fan it Natuurnetwerk Nederland," seit deputearre Hoogland. "It is wichtich om oan natuerwerstel te dwaan en gebieten oan inoar te ferbinen. It bart yn modulen, dizze is de tredde en is no klear en kin werom nei de eigeners. Dat wurk giet wol rap en wy besykje de opjefte fan it netwurk foarinoar te krijen foar 2027. Der binne kommisjes dy't yn de gebieten it wurk dogge en mei alle partijen om tafel sitte. Soms is der wol jierren praat. Wy hawwe as provinsje 160.000 euro bydroegen, en der binne boppedat natuerjilden foar. Bioferskaat is fansels tige wichtich, hielendal no't it der net mear sa goed mei giet."
Deputearre Douwe Hoogland