Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: Folle leaver

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn nije gedicht is skreaun nei oanlieding fan it tanimmende messebesit op strjitte.
© Omrop Fryslân
Folle leaver
folle leaver ha 'k
datst my rekkest mei in wurd
datst my skerp seist wêr't it op stiet
datst de saak op 'e spits driuwst
my straal de gek oanstekst
folle leaver
as datst
de nacht ynstapst en ta spyt
fan alles en iderien
dyself ferliest
yn in died
dy'tst noait wer
ynlûke kinst
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.