Gerben Wiersma mei turncoach bliuwe, as 'bûnscoach yn de lijte'

Turncoach Gerben Wiersma mei turncoach bliuwe. Dat is foarearst de konklúzje fan it turnbûn, de KNGU. It bûn hat ûndersyk dwaan litten nei 'grensoverschrijdend gedrag'. Ut dat ûndersyk is de foarriedige konklúzje dat der gjin maatregels tapast wurde dêr't Wiersma lêst fan hat. Hy bliuwt 'bondscoach in de luwte.' Vincent Wevers sil dêr foar in part wol mei te krijen hawwe.
Bûnscoach Gerben Wiersma mei Celine van Gerner en Sanne Wevers © Orange Pictures
Gerben Wiersma is bûnscoach fan de turnfroulju. Hy mocht sûnt 1 septimber wer op de flier training jaan. Dy trainingen wurde jûn yn de SportQube yn Nijmegen. Der wurdt op dit stuit net traind troch de turners fan TeamNL op It Hearrenfean. De KNGU wol de rezjy hâlde op dy trainingen en dêrom is der keazen foar ien sintrale lokaasje yn Nijmegen. Wiersma fiert no lykwols foar in part de funksje fan bûnscoach út.
Neffens Mark Meijer, technysk direkteur fan de KNGU, hat Wiersma de ôfrûne wiken wer bywêzich west yn de turnseal. "Hij is gewoon weer turncoach. Hij begeleidt de turners van TeamNL. We hebben hem wel gevraagd in de luwte te blijven. Hij is als het ware bondscoach in de luwte. Dat betekent bijvoorbeeld dat hij wel meebeslist in de selectie voor het EK, maar niet leidend is. En we hebben hem gevraagd ook richting de media terughoudend te zijn. Je moet je voorstellen dat het een hele gevoelige situatie is. Zo lang het onderzoek loopt, lijkt het ons dan ook beter in de luwte te werken."

Undersyk smyt 130 meldingen op

By it Centrum Veilige Sport Nederland binne 130 berjochten binnenkaam fan mooglik 'grensoverschrijdend gedrag'. De meldingen rinne oer de periode fan 1986 oant no. Neffens de KNGU giet it benammen om meldingen fan foar 2012. As de melder wol dat der fierder ûndersyk dien wurdt nei de beskuldige persoan, dan komt de saak terjochte by it Instituut voor Sportrechtspraak. Oant no ta binne der 43 trochferwizingen nei dit ynstitút.
Njonken dizze meldingen, wurdt der ek ûndersyk dien troch it bedriuw Verinorm. It bedriuw hat 17.000 mailadressen byinoar sammele en oproppen om mei te wurkjen oan in ûnôfhinklik ûndersyk nei 'grensoverschrijdend gedrag'. It ûndersyk soe oan de ein fan dit jier klear wêze, mar is no trochskood nei it earste fearnsjier fan 2021.

Vincent Wevers mei TeamNL wol traine

Vincent Wevers, dy't ûnder oare syn dochters Sanne en Lieke Wevers training joech op It Hearrenfean, is ien fan de twa coaches dy't te krijen hat mei in saneamde 'ordemaatregel'. Dat betsjut dat hy gjin training jaan mei oan oare turners, mar wol oan de turnsters fan TeamNL.
De oare trainer is Nico Zijp fan Den Bosch. Hy mei hielendal gjin trainingen jaan. De 'ordemaatregel' betsjut net dat Wevers of Zijp skuldich binne, mar dat der fierder ûndersyk komt. By Gerben Wiersma is dat net it gefal. Betsjut dat dan ek dat der gjin meldingen kaam binne oan it adres fan Wiersma? Mark Meijer: "Dat kun je niet zeggen. Dat weet ik ook echt niet. En je kunt dus ook niet zeggen dat dat in de toekomst nog gaat komen. De onderzoeken lopen nog."

Mooglik wedstriid yn nije turnhal It Hearrenfean

Op 5 oktober wurdt beslist of it Europeesk Kampioenskip turnjen trochgiet. It is net wis oft it EK yn Baku yn Azerbeidzjan wol trochgean kin yn ferbân mei it coronafirus. Mocht it EK net trochgean, dan wurdt der in wedstriid organisearre op It Hearrenfean. Op dit stuit is de bou fan in nije topsporthal-turnhal dwaande. "Wat voor status deze wedstrijd krijgt, dat weten we nog niet. We hopen, als het EK niet doorgaat, een goede wedstrijd op niveau te kunnen organiseren. Of deze wedstrijd dan invloed heeft op de plaatsing voor de Olympische Spelen, dat weten we nog niet."
De sintrale lokaasje is op dit stuit yn Nijmegen, mar dy lokaasje kin feroarje as de turnhal op It Hearrenfean klear is. "Dat gaan we zeker overwegen," sa seit Mark Meijer.
Ferslachjouwer Roelof de Vries