Ferslave Harkyt ried auto total loss en moat nei klinyk

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 20-jierrige drugsdealer fan De Harkema nei in ferslavingsklinyk stjoerd. De rjochtbank lei de man in finzenisstraf op dy't gelyk is oan it foararrest fan 162 dagen plus 12 moanne ûnder betingst. Hy waard ek feroardiele foar joyriding om't er de auto fan syn sweager total loss riden hat.
Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De man dealde yn speed en selsmakke ghb en ferkocht ek oan minderjierrigen. Hy dealde om syn eigen ferslaving te bekostigjen. Neffens eigen sizzen is er no fan de drugs ôf en wol er behannele wurde. Hy kin fan 1 oktober nei in ferslavingsklinyk yn Beilen. Dêrnei moat er him noch behannelje litte troch Verslavingszorg Noord-Nederland en komt er yn in begelied wenjen-trajekt.