Undersyk nei skuorren yn asfalt Sintrale As

Der wurdt takom wike ûndersyk dien nei skuorren yn it asfalt fan de Sintrale As (N356) fan Drachten nei Dokkum. Troch de wurksumheden kin it ferkear yn beide rjochtingen op tiisdei 6 en woansdei 7 oktober mar ien rydstripe brûke en der jildt in legere snelheidslimyt.
© Provinsje Fryslân
Op tiisdei jilde de maatregels foar de rydbaan fan de ôfslach De Westereen oant ôfslach Broeksterwâld/Wâlterswâld (rjochting Dokkum) en op woansdei foar de oare kant (rjochting Nyegea/Drachten).
De op- en ôfrit by de Dwarsloane by Broeksterwâld is op beide dagen hielendal ticht tusken 10.00 en 14.00 oere. Ferkear kin fia de Sintrale As oer Dokkum omride. Dy omlieding is mei buorden oanjûn.
De oannimmer docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûntstean fan de skuorren yn it asfalt dat fan 2013 oant 2015 oanlein is. De ferwachting is dat it asfalt yn de maitiid fan 2021 reparearre wurde kin.
Deputearre Avine Fokkens-Kelder jout in reaksje