Hoareka en bedriuwslibben begripe nije maatregels: 'We kinne der net omhinne'

De nije coronamaatregels fan it kabinet kinne op begryp rekkenje fan ûnder mear it bedriuwslibben, de hoareka en de fuotballerij. "Dizze maatregels soargje derfoar dat it maatkiplike libben trochgean kin", seit Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.
De reaksje fan Sjoerd Galema:
Reaksje Sjoerd Galema op parsekonferinsje
Galema tinkt net dat it gau klearkomt mei it coronafirus. "Wy binne werom by ôf. Ik moat net tinke oan de tiid dat we thús sieten. Dat kin de ekonomy net hawwe. En boppedat, wy wolle net dat ús âlderein allegearre yn de sikehuzen telâne komt. Lit ús hoopje dat wy foarkomme dat de kwetsberen de dupe wurde", seit Galema.

Sûn ferstân

"De ekonomyske gefolgen hawwe wy mei de earste yntelliginte lockdown al sjoen. No moatte bedriuwen oantoane dat se net fan hús út wurkje kinne. Dat is in spannende oangelegenheid. De oerheid kin al dy bedriuwen net kontrolearje. Dus komt it oan op it sûne ferstân."

"Extra zuur"

Wat der it measte ynhout by Corné van de Erve (regiofoarsitter Koninklijke Horeca Nederland), is de earnst fan de situaasje. "We hebben altijd gehoord dat we het goed gedaan hebben en dat er sprake is van regionale maatregels, dus ook voor Fryslân. Dan is het extra zuur dat er nu landelijke maatregels gelden."

It kin net oars

By in soad hoareka-ûndernimmers oerhearsket it gefoel dat Fryslân slachtoffer is fan de Rânestêd, jout Van de Erve ta. "Aan de andere kant: we kunnen er niet omheen."

"Nei de wedstriid nei it kafee"

Van de Erve is der wis fan dat de Fryske hoarekaûndernimmers kreatyf binne om troch dizze tiid hinne te kommen. Miskien kinne de sportleafhawwers nei de wedstriden nei it kafee komme, no't de sportkantines tichtbliuwe moatte.
De reaksje fan Corné van de Erve:
Reaksjes Corné van Erve
Ard de Graaf, algemien direkteur fan SC Cambuur, begrypt dat ek yn it proffuotbal maatregels nommen wurde. "Het voetbal moet zich niet buiten de maatschappij plaatsen", seit De Graaf. "Het is aan de andere kant wel teleurstellend als je ziet hoe het voetbal geïnvesteerd heeft om een veilige omgeving te creëren, in de buitenlucht, waar eigenlijk ook geen besmettingen aan gerelateerd zijn."

Ferrassing

De Graaf seach de maatregels net oankommen. "Ik moet eerlijk zeggen dat ik het niet verwacht. Zeker omdat het afgelopen goed verlopen is in het betaald voetbal. Blijkbaar heeft de regering aanleiding gezien om deze heftige maatregelen, niet alleen voor het voetbal, maar voor de hele maatschappij te nemen. Daar zal je je dan naar moeten schikken, want nogmaals wij als voetbal moeten ons niet buiten de maatschappij plaatsen."
De reaksje fan algemien direkteur Ard de Graaf:
Reaksje De Graaf