FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Rianna
De psychyske helpfraach ûnder jongeren nimt ta. Yn Diaconessenpark yn Ljouwert wurde jongeren begelaat en krije se help sadat se letter selsstannich wenje kinne. Ien fan har is Rianna, sy fertelt har ferhaal. Programmamakker Miranda Werkman siket yn de searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Fryslân. Dizze moandei de fiifde ôflevering.
Programmamakker Miranda Werkman rint mei Rianna mei nei skoalle, sjocht mei as se mei begelieder Tejo oan it itenmeitsjen is en praat mei har op har eigen keamer. Oer wat se miskien wol mist hat yn har jeugd, hoe dreech it is om kontakt te meitsjen ek al kinne je online altyd en oeral mei elkenien kontakt hawwe en dat se gau hiel lilk wurdt om mar net sjen te litten dat se miskien wol fertrietlik is.