Kademuorren oan it Breedpaad op It Hearrenfean oanpakt om Amsterdamske tastannen foar te kommen
De kommende tiid wurdt der wurke oan de kademuorre lâns it Breedpaad op It Hearrenfean. Dizze kade is oan grut ûnderhâld ta. Nei in protte reinwetter ferline jier die bliken dat de kademuorre net langer wetterticht wie. Om fersakking foar te kommen, wurdt de muorre de kommende tiid oanpakt. Tagelyk mei de ûnderhâldsbeurt wurdt de kademuorre ek ferlege.
Op it stuit leit der yn de grêft in ponton mei in kraan dêr boppe-op. Neffens Eeuwe de Vries, de projektmanager fan de gemeente, binne de tastannen lykwols noch net sa slim as yn Amsterdam.
Rein lei de problemen bleat
Wylst der wurke waard oan in oar projekt, die bliken dat, nei in flinke reinbui, yn de kearmuorre dêr't de rioelearring troch giet in lekkaazje siet. "Dat hawwe wy ûndersocht en der bliek in sânrêch foar te sitten", fertelt De Vries. Dûkers binne doe ynset om te kontrolearjen oft de rest fan de damwand ûnder wetter noch goed wie. Dy útkomst wie net bemoedigjend. "Doe die bliken dat op meardere plakken in útstream fan sân wie. Doe ha wy besletten, yn oerlis mei de minsken fan ûnderhâld, ek wat fierder te sjen nei fierdere ynfolling fan it sintrumplan, om sa it gehiel oan te pakken", sa seit De Vries.
It oanpakken fan de kademuorre oan it Breedpaad is mar in diel fan it hiele plan. "Wy sjogge breder, ek mei bygelyks de wettersportferienings, nei hoe't wy mear reuring op it wetter krije kinne." Sa sil de kade ferlege wurde, en wurdt der sfearfolle ferljochting oanbrocht. Ek wurdt de nije omjouwing tagonklik foar rolstuollen, en komme der nije foarsjennings foar de boaten. "By de nije sitmuorre kinne de fuotsjes efkes yn it wetter", fertelt De Vries
Breedpaad op 'e skoppe
Ek it Breedpaad sels sil fernijd wurde. Underdiel fan de werynrjochting is dat de dyk der út giet en fernijd wurdt. "Wy krije in nije útstrieling fan it Breedpaad. Der wurdt breder sjoen nei bygelyks duorsumens", sa seit De Vries.
De kosten fan it projekt wurde rûsd op sa'n seis ton. Dat sil net allinnich brûkt wurde foar dizze kadefernijing, mar ek foar in stikje duorsumens en werynrjochting.
It ponton dêr't op wurke wurdt, is hast like breed as de grêft sels. Neffens oannimmer Rien Hoek is it gebrûklik om it op dizze wize oan te pakken. "De damwand is zeven meter lang, en dan moet je wel een behoorlijke kraan hebben om het er op een veilige manier in te zetten. Op deze manier hebben omstanders ook het minste last, het verkeer kan gewoon doorgaan", sa seit Hoek.
Op skema
De offisjele eindatum foar it projekt is yn jannewaris, mar neffens Hoek is der kâns dat it projekt al foar de krystdagen klear wêze sil. "In principe liggen we nog op schema", sa seit er. Nei't foarige wike de definitive damwand deryn set is, wurdt moandei in twadde, tydlike damwand pleatst. Rien Hoek: "Daarmee creëren we een tijdelijke sluis waar we het waterpeil 30 centimeter mee verlagen, om een bouwkuip te creëren." Troch it ferleegjen fan it wetterpeil kin it mitselwurk drûch oanbrocht wurde.
Frysk 'Venetië'
Guon ûndernimmers sizze, no't de gemeente dwaande is mei de grêften, 'meitsje dit no ûnderdiel fan in grutter plan'. It plan dêr't se op doele, hat de namme 'Feanetïe', mei fansels in knypeach nei de stêd Venetië. Eeuwe de Vries: "Dat is in plan fan ûndernimmers om dwers troch It Hearrenfean te farren rjochting de Tsjonger, om It Hearrenfean hinne en lâns it Abe Lenstra Stadion. Dat is in ambisjieus projekt, wat dêr krekt fan komt, dat sil de tiid ús leare."