Basisskoalle It Ambyld yn Drachten ûntromme fanwegen gaslek

Bern fan basisskoalle It Ambyld yn Drachten hiene in nuver begjin fan de skoaldei. Krekt nei healwei njoggenen rûkten meiwurkers fan de skoalle gas en bellen de brânwacht en plysje. Alle bern moasten de skoalle út om sa lang bûten op it plein te wachtsjen.
© De Vries Media
De brânwacht hat de haadgaskraan tichtdraaid, wêrnei't Liander it gaslek ticht meitsje koe. Der rekke net ien ferwûne.