Mikpunt Veerman: "Mijn knie is wat dik, maar er is niets kapot"

De knibbel is wol wat dik, mar der is neat stikken. Dat sei Joey Veerman nei ôfrin fan de wedstriid tsjin VVV Venlo. Twa spilers fan VVV krigen in reade kaart nei in oanfal op Veerman. Dy rekke mei in blessuere fan it fjild.
© www.orange-pictures.nl
Veerman wie ek de makker fan it iennige doelpunt tsjin VVV Venlo. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 1-0. Doe't Veerman blessearre rekke kaam der in brankaar it fjlid op, mar hy koe selsstannich it fjild ôf komme.
Veerman seit dat in dokter de knibbel test hat. "Dat zal dan wel goed zijn toch?"
Hearrenfean 1
Hearrenfean hat no njoggen punten út trije wedstriden. Dêrmei binne de Friezen koprinner fan de earedifyzje. Krekt as Ajax. Dy ploech hat likefolle punten, en likefolle doelpunten foar en tsjin. "Ik denk dat we daar best wel trots op mogen zijn", seit Veerman.
Trainer Johnny Janssen is gjin teletekstsupporter, seit er. "Totaal niet. Ik denk dat ik die foto's wel opgestuurd krijg, maar we hebben er nog maar drie gespeeld. Laten we gewoon normaal doen. Wij moeten heel hard werken om de punten binnen te halen. Volgens mij doen we dat heel erg goed."
Hearrenfean 2
Jansen is bliid mei de trije punten, mar net mei it spul. "Dat moet echt veel beter." Doe't Hearrenfean mei twa man mear kaam te stean, kaam der gjin doelpunt mear by.
"Het kan niet zo zijn dat onze rechtsbuiten dan alleen maar moet rennen. Ik weet ook dat het jeugdigheid is, ze moeten het leren. Maar de jongens daar achter moeten dan op de rem trappen. Je moet de bal rondspelen. Dat hebben we niet gedaan. Daar baal ik heel erg van."
Middenfjilder Rodney Kongolo is it mei de trainer iens. "Als je tegen negen speelt, moet je zorgvuldig met de bal omgaan. Op het laatst kregen we het nu zelfs nog moeilijk, omdat we de bal niet hadden. Dat kan veel beter. Maar we hebben wel gewonnen, en drie punten gepakt. Dat is het belangrijkste."
Hearrenfean 3