SC Hearrenfean dield koprinner nei winst op njoggen spilers fan VVV

Mei likefolle punten en itselde doelsaldo as Ajax, giet SC Hearrenfean dield oan kop yn de earedifyzje. Yn eigen hûs wûnen de Friezen mei 1-0 fan VVV Venlo. Dy ploech stie oan de ein fan de wedstriid mei njoggen man.
© www.orange-pictures.nl
Binnen 10 minuten krigen twa spilers fan VVV Venlo in direkte reade kaart, nei in oertreding op Joey Veerman. Mei in blessuere moast dy it fjild ferlitte.
Veerman wie de man dy't yn dizze wedstriid it iennige doelpunt makke. Nei in healoere spyljen benutte hy in strafskop, dy't Hearrenfean krige nei in oertreding op Oliver Batista Meier.
Hearrenfean wie fierwei de bêste ploech, mar slagge der net yn om de meartalssitewaasje echt goed te brûken. It bleau 1-0 yn it Abe Lenstra Stadion. Foar de punten makket dat net út, mar foar it doelsaldo hie it moaier west en skoarde Hearrenfean wat faker.
De earstfolgjende wedstriid fan Hearrenfean is yn de Galgenwaard tsjin FC Utrecht.
SC Hearrenfean - VVV Venlo
1-0 (1-0) 31. Joey Veerman.
Opstelling Hearrenfean: Mulder, Floranus, Bochniewicz, Van Hecke, Woudenberg, Kongolo, Batista Meier (68. Hajal), Joey Veerman (81. Dresevic), Van Bergen, Henk Veerman, Van der Heide (81. Driouech).