Omrop TIP: Frouljus PC live te folgjen by Omrop Fryslân

Yn tsjinstelling ta de PC foar de manlju, giet de Frouljus PC dit jier, nettsjinsteande de coronamaatregels, wól gewoan troch. De keatspartij is snein 27 septimber fan 10.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online.
© Omrop Fryslân
De Frouljus PC fan ferline jier waard wûn troch Ilse Tuinenga (keninginne), Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Dêr moasten Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra tefreden wêze mei it twadde plak.
De grutste kânshawwers dit jier binne Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wûnen dit seizoen de measte wedstriden.

Imke van der Leest yn plak fan Sjanet Wijnia

Ilse Tuinenga keatste dit seizoen mei sukses mei Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Sy binne ek grutte kânshawwers. Imke van der Leest keatst op de Frouljus PC yn it plak fan Sjanet Wijnia, dy't yn tarieding op it follybal earedifyzje-seizoen dit jier net meidwaan kin oan de Frouljus PC.

Frouljus PC sûnder Jan Suierveld

Tolve partoeren nimme snein yn Weidum diel oan de Frouljus PC. It is foar it earst dat de partij keatst wurdt sûnder Jan Suierveld as deifoarsitter. Jan Suierveld wie yn 1977 de inisjatyfnimmer fan de Frouljus PC. Feikje Toering-van de Weide hat it deifoarsitterskip fan him oernaam. Yn ferbân mei de coronamaatregels is der net in soad romte foar publyk.
De Frouljus PC is snein 27 septimber fan 10.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online .