Nij restaurant Baylings yn Ljouwert: "Een restaurant openen in coronatijd kan best"

It liket dapper: in grut restaurant iepenje midden yn de coronakrisis. Mar hoareka-ûndernimmer Haroon Hashemi seach fan 't maitiid in unike kâns. Doe't Humphrey's oan de Ljouwerter Nijstêd definityf ticht gie, liet Hashemi syn each falle op it monumintale restaurant dat frij kaam. En ek al rint it oantal coronabesmettings yn Fryslân op, it nije restaurant Baylings siet freedtejûn op de dei fan de offisjele iepening fuortendaliks fol mei sa'n trijehûndert iters.
Drokte yn restaurant Baylings op de iepeningsjûn © Omrop Fryslân
"Waar nadelen zijn, zijn er ook voordelen", seit Hashemi mei in eigen fariant op Johan Cruyff. "Een mooi historisch pand kwam vrij en toen kregen wij de mogelijkheid om hier op te starten." Mar sa maklik as er it no seit, wie it net hielendal, jout de ûndernimmer ta. "Als je drie maanden dicht bent, creëert dat een negatief beeld bij de ondernemer. Ik had in juni niet gedacht om in september een nieuwe zaak te openen, maar ik heb het toch gedaan."

Baylings

De trochstart fan it eardere Humphrey's hat de namme Baylings krigen, in knypeach nei de Ljouwerter antykhannel Beeling dy't earder yn it monumintale gebou oan de Nijstêd siet. Gebou en ynrjochting meitsje it restaurant bysûnder, jout ek in grutske Hashemi fuortendaliks ta. "We hebben zo veel mogelijk overgenomen. Het enige wat wij hebben gedaan is opknappen."
De keuken fan Baylings © Omrop Fryslân
Njonken de ynventaris hat Hashemi ek guon meiwurkers fan it eardere Humphrey's oernommen. "Er werken hier nu 43 personen, maar als het zo doorgaat moet ik meer mensen in dienst nemen", fertelt Hashemi.

"Komen hier wel doorheen?

Yn de saak mei mar leafst seis ytsealen hat Hashemi de kapasiteit wat beheind yn ferbân mei de coronaregels, mar de beskikbere plakken sitte samar fol. "Veel mensen zijn niet op vakantie geweest, en daardoor is de portemonnee nog redelijk vol. Mensen willen graag uit eten. Mijn voorbeeld laat zien dat het ook in coronatijd goed mogelijk is om een restaurant te openen. Laat je niet van het veld slaan, we komen hier wel doorheen."
Op de man ôf frege seit Hashemi dat er 'net benaud' is foar it coronafirus. "Je moet voorzichtig blijven. We houden ons goed aan de regels. Goed handen ontsmetten en afstand houden, dan kun je iedereen goed ontvangen."
Harkje nei ûndernimmer Haroon Hashemi
Ek de biblioteekseal is wer yn gebrûk © Omrop Fryslân