Hearrenfeanster (21) kriget straf foar Whatsapp-fraude

In 21-jierrige frou fan It Hearrenfean hat in wurkstraf fan fyftich oeren ûnder betingst krigen foar fraude fia Whatsapp. De frou hie har pinpas en bankrekken beskikber steld oan in man, dêr't se fia social media mei yn kontakt kaam wie. De man hie har wiis makke dat se dan rap jild fertsjinje koe.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man hie fia Whatsapp jild ôfpakt fan meardere froulju. Dat stoarte hy op de rekken fan de fertochte, mar it waard der ek fuortendaliks wer ôfhelle. Dat wie net it iennichste dat se kwytrekke; ek it jild fan har stúdzjefinansiering waard fan har rekken ôfskreaun.
De frou moat de trijetûzen euro, dy't koart efkes op har rekken stien hat, werombetelje oan de slachtoffers fan de fraude.