Aksjefierders hâlde klimaatstaking yn Ljouwert

Sa'n fyftich aksjefierders sammelen har freedtemiddei op it Aldehoustertsjerkhôf foar in klimaatstaking. De aksje waard organisearre troch Fridays For Future, in groep dy't him ynset foar in better klimaat.
© Kappers Media
Oan de foet fan de Aldehou waarden taspraken hâlden en waard der songen. De coronamaatregels waarden dêrby respektearre. Alle oanwêzigen stiene op oardel meter ôfstân en droegen mûlkapkes.
Ek op oare plakken yn it lân binne freed soartgelike aksjes.