Reedrydwedstriid ferpleatst nei Thialf fanwege coronamaatregels

De earste mass start kompetysjewedstriid fan dit seizoen is freedtemiddei yn Thialf op It Hearrenfean, yn stee fan yn Ljouwert. De organisaasje yn Ljouwert krige it fanwege de coronamaatregels net foar inoar om de wedstriid trochgean te litten.
Thialf © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Fanwege de ferpleatsing binne de tiden oanpast. De earste heale finale by de froulju set útein om 16.15 oere en de earste heale finale by de manlju om 16.45 oere. De finales begjinne om 19.10 oere.