N359 by Winsum ticht troch oanriding tusken frachtwein en auto
Op de N359 by Winsum hat freedtemoarn in oanriding west tusken in frachtwein en in persoane-auto. De dyk is troch de grutte ravaazje fan auto-ûnderdielen strjemme. Dêrtroch ûntstie der in lange file, mei benammen frachtweinen.

De bestjoerder fan de auto is mei ûnbekende ferwûningen yn in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.