Oesters dogge it goed op oanleine oesterbank benoarden Skiermûntseach

De spesjaal oanleine oesterbank yn de Noardsee oan de noardkant fan Skiermûntseach tilt op fan nij libben. Dat sizze de wittenskippers dy't de oesterbank oanlein hawwe. It is in inisjatyf fan ûnder oare it Wereld Natuurfonds.
© -
De oesters binne twa jier lyn útset en krigen ferline jier al neiteam. Dit jier hat bliken dien dat in soad fan de oesters noch yn libben binne en dat se soarge hawwe foar in nije generaasje.
De ûndersikers hawwe der troch dizze proef fertrouwen yn dat it bioferskaat yn de Noardsee wersteld wurde kin. Dat is de ôfrûne tsientallen jierren bot achterútbuorke.
Biolooch Floor Driessen hat ek nei de oesters dûkt