Kolleezje Achtkarspelen: gjin strukturele problemen yn Bûtenposter wyk

Der is gjin sprake fan strukturele problemen yn de wyk yn Bûtenpost, dêr't in tal Syryske famyljes wennet. Dat seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen yn antwurd op fragen fan de FNP, nei oanlieding fan de slimme bistemishanneling in skoftsje lyn op it Nordwin College yn it doarp.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Dêr wie in tal jonge Syryske bern ferantwurdlik foar. Neffens de FNP soargje de bern foar in soad oerlêst yn de wyk. Der soe sprake wêze fan bedrigingen en fernielingen en de spanning yn de wyk soe ekstreem wêze.

Kolleezje: oar byld

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat sjoen nei de meldingen dy't der dien binne oer oerlêst en dêr komt in oar byld út nei foaren as dat fan de FNP. It giet om in beheind tal meldingen. Der wie ien melding oer stientsjes dy't nei in auto smiten wiene, wêrfan't net dúdlik is wa't dat dien hat. De lêste tiid ha der hielendal gjin meldingen mear west fan oerlêst.