Jan Terlouw ropt wittenskippers fan Frjentsjer op om net stil te bliuwen
Yn de Martinytsjerke fan Frjentsjer is woansdei it akademysk jier 2020-2021 fan de Academie van Franeker iepene mei in útiensetting fan Jan Terlouw. Hy rôp de wittenskippers fan de akademy op om yn de hjoeddeiske coronakrisis net yn stilswijen hingjen te bliuwen. Neffens Terlouw binne just wittenskippers bot nedich om it paad te wizen: "Vertel de mensen wat er aan de hand is en vertel ze het indringend."

Oan politisy die de skriuwer, natuerkundige en âld-politikus de oprop om it coronafirus yn in grutter ferbân te sjen. Want eins, sa foarspelt er, sil de coronakrisis net mear as in drip op in gleone stien wêze. It is in wichtige perioade, mar ek de oanpak fan bygelyks de problemen mei it klimaat en de beskikbere grûnstoffen moatte net fergetten wurde. En dat moat yn 'e mande mei de wittenskip. "De taak van de politiek is om de resultaten van de wetenschap te vertalen in maatschappelijke maatregelen."
Wittenskip hat in ferantwurdlikens
Dêrom hawwe wittenskippers ek in taak, sa fynt Terlouw. "Je hebt ook een verantwoordelijkheid om als het parlement het niet meer goed doet en zegt de wetenschap niet meer te geloven, om op te staan en om op de barricaden te staan. We hebben allemaal een verantwoordelijkheid. En wetenschappers zeker niet de kleinste. En dat zeg ik bij de opening van een academisch jaar van een universiteit die van 1585 tot 1811 heeft bestaan."
Earste jierren yn Fryslân trochbrocht
Terlouw fûn it in eare om it akademysk jier te iepenjen fan de Frjentsjerter akademy. "Napoleon is zo dwaas geweest om het af te schaffen, drie jaar geleden heeft u besloten dat hij ongelijk had. Daarmee vind ik het heel eervol dat ik bij de opening van het academisch jaar mag zijn." Terlouw referearre ek noch efkes nei syn bernejierren. "Ik heb de eerste jaren van mijn leven hier in Noord-Friesland doorgebracht toen mijn vader in Tietjerk en Suawoude dominee was."
