De SP wol in Fryske 'sportbiblioteek': mei ien paske oeral terjochte

De Steatefraksje fan de SP sjocht graach dat Fryslân in 'sportbiblioteek' krijt. By in oerkoepeljende organisaasje soene je in paske krije moatte, dêr't je in budzjet op sette kinne en je mei ynskriuwe kinne by de feriening dêr't je sporte wolle. In moasje fan de SP om de mooglikheden te ûndersykjen, is oannommen.
© Shutterstock.com (GaudiLab)
It mes moat oan twa kanten snije: oan de iene kant soene minsken dy't graach sporte wolle de mooglijkheid krije om meardere sporten te dwaan sûnder fêst te sitten oan ien feriening. En oan de oare kant krije sportferieningen de kâns om plakken op te foljen dy't oars leech bliuwe. Bygelyks by in groepsles.

Gearwurkje yn coronatiid

De SP wol graach witte oft sportferieningen iepen stean foar sa'n sportbiblioteek. De fraksje hat noed oer it ôfnimmen fan it tal sporters en frijwilligers by sportferieningen. Dat probleem wurdt mei de coronakrisis nochris grutter. Neffens de SP soene ferieningen dêrom mear gearwurking sykje moatte.