Plysje sjit by oanhâlding nei wenningoerfal op It Hearrenfean

De plysje hat woansdeitemiddei in warskôgingsskot lost by it oanhâlden fan in fertochte op It Hearrenfean. Dat meldt de plysje.
Om 15.00 oere hinne kaam der in melding fan in oerfal yn in wenning oan de Melchior de Grotestrjitte. Doe't de plysjes dêr oankamen, seagen sy in 'fertochte sitewaasje'. By it oanhâlden fan de fertochte hat ien fan de plysjes in warskôgingsskot lost.
Oan de President Kennedylaan stiet in auto dy't fan de fertochte wêze soe. De omjouwing fan dy strjitte is op it stuit ôfsletten. De auto is meinaam.
Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. De plysje docht dêr ûndersyk nei.