Wegerjen terras op De Lemmer hie te krijen mei parkearplakken

It Lemster restaurant De Wildeman woe ôfrûne simmer in terras oan de Schulpen, mar dat waard wegere troch de gemeente. It kolleezje fan De Fryske Marren hat no yn in skriftlike reaksje antwurd jûn op fragen fan de PvdA. Sy skriuwe dat it wegerjen fan in terras op de Schulpen op De Lemmer benammen te krijen hie mei de eangst foar in gruttere parkeardruk.
De Wildeman © De Wildeman
Yn 2015-2016 is it sintrum opnij ynrjochte, en nei it sluten fan De Wildeman wie der earst gjin fraach mear nei in terras. Letter gie De Wildeman wer iepen. In terras soe no lykwols yn striid wêze mei it bestimmingsplan.
Yn it toeristeseizoen soene der troch it meitsjen fan in terras acht parkeaplakken ferfalle, sûnder dat der plakken tsjinoer set wurde. Dat is ferfelend foar winkeljend publyk en foar omwenners, seit it kolleezje. De gemeente wol no earst it parkearûndersyk dat op De Lemmer dien wurdt ôfwachtsje. Pas dêrnei wol de gemeente eventuele mooglikheden opnij ûndersykje.