Tichte mist yn Fryslân: KNMI jout koade giel ôf

Automobilisten yn Fryslân moatte tiisdeitemoarn rekken hâlde mei tichte mist. It KNMI hat dêrfoar oant en mei tsien oere koade giel ôfjûn. Op in soad plakken is it sicht minder as 100 meter, en op guon plakken sels minder as 50 meter.
© ProNews
De mist bliuwt yn ús provinsje nei alle gedachten it langst hingjen. Yn it twadde part fan de moarn wurdt it sicht better; de mist soe om tsien oere hinne sawat ferdwûn wêze moatte. Automobilisten wurde oproppen wach te wêzen en harren snelheid oan te passen.