Makelders fernimme gjin 'coronadip': "It is inkeld mar drokker wurden"

De hûzeprizen wiene yn augustus acht prosint heger as foarich jier om dy tiid. Dat liket frjemd. Want je soene sizze, it útbrekken fan corona hat ek gefolgen op de hûzemerk, mar dat liket oant no ta ta te fallen.
© Rjochtenfrij
Gosse Miedema is makelder by Miedema Makelaars yn Ljouwert. "We ha neat fan corona murken, it is inkeld mar drokker wurden. Der waard sein dat we in dipke krije soenen, mar dat ha we noait hân. Der is krapte op de merk, dan bliuwe de prizen heech. Der wurdt sels oerbean op de fraachpriis. Dat komt omdat der folle minder oanbod is."

Populêre wyk

Ien fan de populêre plakken is de Ljouwerter wyk Aldlân. "Dêr komme op in Open Huis wol sa'n tolve besikers dêr't sa fjouwer biedingen op komme. En dan komt it ek wol foar dat der sa acht oant tolve prosint oerbean wurdt op de fraachpriis. Yn de stêd is it in gekkeboel, op de doarpen leit de fraach wat leger."
Foar starters is it lestich om in hûs te keapjen. "Moatst al hast minimaal mei syn twaen wêze, oars kinst hast gjin hypoteek krije."
Gosse Miedema