Wie Maria yn de bibel 'swanger', 'swier' of 'yn ferwachting' fan Jezus?

Wie Maria yn de bibel swanger, swier of yn ferwachting fan Jezus? It is ien fan de taalfragen dêr't de stifting YKFE-FBO oerneitinkt yn oanrin nei de nije Fryske bibeloersetting. Op 30 oktober organisearret de stifting in stúdzjemiddei mei as sintrale fraach: yn hokker Frysk moat de bibel oerset wurde?
Bibel © Shutterstock
Om antwurd op dizze fraach te jaan, hat de stifting sân saakkundigen útnûge. "Dit ûnderwerp rekket net allinnich de oersetters fan de bibel, mar elts dy't dwaande is mei (de takomst fan) it Frysk", seit Lútsen Kooistra, foarsitter YKFE-FBO.
"Dêrom nûgje wy ek minsken yn it ûnderwiis, fertsjinstwurdigers fan de Provinsje, skriuwers/oersetters, kutuer-amtners, dûmnys, politisy en oaren dy't ynteresse ha út foar in stúdzjemiddei."