Brânwacht hellet yn Ljouwert hynder út de sleat mei takel

De brânwacht fan Ljouwert hat moandeitemoarn in hynder út de sleat takele. It bist wie yn in sleat bedarre oan it Keegsdykje yn Ljouwert en koe net op eigen krêft by de wâlskant opklauterje.
© AS Media
De brânwacht hie de nedige muoite om it bist op it drûge te krijen. Uteinlik moast der sels in kraan oan te pas komme om it hynder op te takeljen. It bist stie it nei it aventoer wer kalm te fretten.