Auto mei caravan slacht oer de kop yn Akkrum

Op de Boarnsterdyk yn Akkrum is moandeitemoarn in iensidich ûngelok bard. De bestjoerder fan in auto ferlear de macht oer it stjoer wêrtroch't de caravan achter de auto begûn te slingerjen en úteinlik oer de kop sloech.
© Srfotografie
De bestjoerder is neisjoen troch it ambulânsepersoniel. It is net dúdlik oft de bestjoerder ferwûne rekke is.
De dyk is ôfsletten foar it ferkear. De plysje ûndersiket it ûngelok.