Oefenwedstriid SC Cambuur ûnder 21 skrast fanwegen corona

De fuotballers fan SC Cambuur ûnder 21 jier sille foarearst net yn aksje komme. Dat makke de Ljouwerter fuotbalklup moandei fia Twitter bekend. Ien fan de spilers yn de Cambuur-21-seleksje is posityf test op it coronafirus.
Neffens Cambuur giet it om in foarsoarchsmaatregel. Ek de oefenwedstriid tsjin de reserves fan FC Emmen dy't op tiisdeitemiddei op de aginda stiet, komt te ferfallen.