Slim sike keunstner Beb Mulder nimt ôfskied fan syn skilderijen

De 81-jierrige keunstner Beb Mulder fan Ljouwert hat ôfrûne wykein ôfskied nommen fan syn skilderijen. Mulder is slim siik en hâldt dermei op. Yn syn atelier oan it Jacob Catsplein yn Ljouwert koene leafhawwers foar de helte fan de priis syn keunstwurken keapje. Fan de 80 skilderijen waard mear as de helte ferkocht. It is de Grande Finale, sa as Beb Mulder dizze útferkeap neamt. Neffens syn 79-jierrge frou Anke Mulder hat har man gjin muoite mei it ôfskied fan syn kreaasjes. "Syn wurk heart ûnder de minsken. Hoe mear, hoe better".
It atelier fan Beb Mulder © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Beb Mulder wurdt net mear better, seit syn frou dy't it wurd docht. Foar de keunstner sels is it te dreech om te praten, hy is hast net mear te ferstean. ''Ferline jier krige Beb de sykte fan Parkinson en yn maart waard in melanoom mei útsieddingen ûntdutsen. Hy hat al ferskate terapyen hân, mar dy slaan net oan. Mulder is in abstrakt-ekspressjonistyske skilder. "Der sit neat figuratyfs yn, hy makket syn skilderijen hielendal op gefoel". De kleuren binne fel en springen derút, troch in stevige pinsielstreek.
Anke Mulder, de frou fan Beb Mulder © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Foar Anke Mulder is it somtiden dreech om te sjen dat de skilderijen fan har man ferkocht wurde. "Mei guon wurken ha ik in sterke persoanlike bân en dat it fuortgiet, is wol spitich. It fielt as in ôfskied. Foar himsels is it oars. Hy is der lakonyk ûnder. As Beb in skilderij klear hat, dan is it ek klear. Hy hechtet der dan net mear oan. Syn wurk is dien en dan moatte de minsken it ferhaal fierder fertelle".
Lykas Hans en Anita Andringa dy't oeren yn it atelier strune op syk nei in echte Beb Mulder. Se fine in grut doek "fol mei kleur en beweging. In heel soad read, mei blau en wat giel. Ik kin der heel lang nei sjen", seit Andringa dy't it skilderij yn de wenkeamer ophingje sil. "Beb Mulder sil troch syn keunst nea fergetten wurde".
Hans en Anita Andringa hawwe krekt in skilderij kocht © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Beb Mulder waard berne yn Huzum en learde it tekenjen op de legere skoalle. Hy hat wurke op de dekoraasje-ôfdieling fan de V&D. Nei in pear jier begûn hy as selsstannich dekorateur en gong hy yn de jûnsoeren nei de Academie Vredeman de Vries.
Op syn eigen webside omskriuwt de keunstner syn wurk sa: ''Beb Mulder is altijd intuïtief bezig om de vlekken in zijn abstracties op de juiste plaats en in de juiste kleur vorm te geven, ze een intensiteit te geven. Als dat gelukt is, worden deze vlekken weer personen en vertellen een eigen verhaal. Hij heeft geen vooropgezet plan, hij begint gewoon en stopt als het schilderij onder zijn handen een eigen leven krijgt".
Auke Zeldenrust wie yn it atelier